Talant: Ticht by hûs bliuwe

Direkteur Jan van der Hoek fan Talant ropt meiwurkers op om safolle as mooglik ticht by hûs oan it wurk te gean. Meiwurkers en kliïnten hawwe grutte muoite om by de deibesteding te kommen.
Derom kinne meiwurkers better sjen as se kollega's by de wenfoarsjennings by harren yn de buurt helpe kinne. Oars rinne dy de kâns dat se dûbele tsjinsten draaie moatte.