Jild foar toeristyske Aldehou

De Aldehou
De Aldehou yn Ljouwert moat útgroeie ta in grutte toeristyske attraksje, no't de gemeente mear as in heal miljoen euro beskikber steld foar it opknappen fan de toer. Dat jild komt boppe op de 200.000 euro dy't de rotaryklub yn de stêd al op it kleed lein hat .
Der sil in lift yn de toer oanlein wurde, wêrtroch de Aldehou tagonklik wurde sil foar elkenien.