Earste snieflokken yn Fryslân

16 des 2009 - 22:18

Fryslân wurdt stadichoan wyt fan de snie. Op guon plakken leit al sa'n fiif sintimeter. De sniebuien lûke fanút it noarden oer de provinsje hinne. Neffens waarman Piet Paulusma kin der de kommende dagen sa'n 20 sintimeter falle.

Minsken dy't der op út moatte wurde warskôge foar glêde diken. Oeral wurde struiauto's ynset. Om't der kwalik ferkear op de dyk is kin it lang duorje foardat it sâlt goed ynriden is en de diken skjin wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)