Plan toeristen nei Aldebiltsyl

16 des 2009 - 21:35

Aldebiltsyl is der hielendal klear foar om de toeristyske lokaasje te wurden fan It Bilt. Doarpsbelang presintearde juster it oanfalsplan om safolle mooglik toeristen nei de 'Poort fan it Bilt' te lûken.

Doel is om boatsjeminsken dy't de Noardlike âlvestêderûte farre ek troch it doarp gean te litten. Om se yn Aldebiltsyl fêst te hâlden moat der in jachthaven komme mei 8 trekkershutten om yn te sliepen. Ek moatte der mear kuier- en fytspaden komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)