Winnend Hearrenfean útskeakele

16 des 2009 - 21:10

SC Hearrenfean is útskeakele yn de Europa League. De oertsjûgjende winst fan 5-0 op it Letske FK Ventspils wie net genôch om troch te gean. Hertha BSC wûn nammentlik mei 1-0 fan Sporting Lissabon, wêrtroch de ploech fan Jan de Jonge as tredde eindige yn de pûl.

Mika Väyrynen, Viktor Elm, Gerald Sibon (twa kear) en Daryl Janmaat wiene yn de twadde helte de doelpuntemakkers foar SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)