Kryststol foar oerlêst

De haven fan Harns
It wetterskip hat juster mei in kryststol yn de hân de doarren by del west yn it havenkwartier yn Harns. Dêrmei woene se harren ferûntskuldigingen oanbiede foar de grutte oerlêst dy't it wurk oan de wetterkearing foar de bewenners opsmiten hat. Yn totaal 400 húshâldens hawwe in stol krigen.
It wetterskip bouwt ûnder oaren in nije wetterkearingsmuorre en dat soarget foar in soad lûdsoerlêst en trillingen. En sels skea.