Alde mûnen foar Harns

16 des 2009 - 16:44

Harns krijt in wurkjende histoarysk houtseachmûne. De mûne wurdt it sintrum fan in nij park mei goed 110 rekreaasjewenten dat yn it súdwesten fan de stêd boud wurdt.

Projektûntwikelder MNR tekene woansdei mei de gemeente in yntinsjeferklearing foar de bou fan de wenten en de mûne. Dy lêste moat der foar soargje dat de rekreaasjewenten oantrekliker wurde foar mooglike keapers, mar moat ek toeristen lûke. Der komme ek twa histoaryske mûnen. Dy wurkje net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)