FNP: UMTS-mêst fier fan huzen

De FNP-riedsfraksje fan Achtkarspelen wol dat de nije UMTS-mêst op it sportterrein yn Stynsgea op syn minst 400 meter fan huzen ôfkomt. It kolleezje moat noch beslute oer de komst fan in UMTS-mêst, mar de FNP wol dat it kolleezje it ôfstânskritearium meinimt.
Neffens de partij is der in soad ûnwissichheid oer de gefolgen troch frijkommende strieling.