Undersyk blusse yn bûtengebiet

Der komt ûndersyk nei de beskikberheid fan bluswetter yn it bûtengebiet. De oanlieding is in brân fan tiisdei yn Pepergea. In wenbuorkerij baarnde folslein ôf. De brânwacht koe net genôch bluswetter krije, om't it wetterliedingnet yn in bûtengebiet dêrfoar net foldwaande is. Der wiene gjin oare wetterboarnen oanwêzich.
De brânwacht sil yn gearwurking mei de gemeente en wetterbedriuw Vitens de beskikberheid fan bluswetter yn in bûtengebiet ûndersykje.