Sulverfisken spiele oan

Tsientallen sulverfisken binne de ôfrûne wiken oanspield op It Amelân en Skylge. Neffens Dirk Visser fan Rykswettersteat binne der hûndert sulverfisken op it Amelân oanspield en in stik of tachtich op Skylge.
De tropyske fisken komme benammen foar yn de Atlantyske Oseaan. Sa no en dan swimme se yn de Noardsee. Troch de kjeld binne guon dea oanspield op de strannen fan de Waadeilannen.