Karavan ôfbaarnd yn Bitgum

16 des 2009 - 15:59

Op De Buorren yn Bitgum is woansdeitemiddei in karavan yn in achtertún yn brân flein. Ek in skuorke gie yn flammen op. Omdat net dúdlik wie oft der noch ien yn de karavan wie, kaam de brânwacht manmachtich op it brantsje ôf.

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Net ien rekke ien ferwûne. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)