Boerd yn Sonnegea ûntbleate

By it monumint ta neitins fan de delstoarte bommewerper yn Sonnegea is woansdei in ynformaasjeboerd ûntbleate. Bern fan de basisskoalle yn it doarp ha it monumint adopteard. Se krigen in DVD oer de Lancaster, dy't yn 1943 troch in Dútsk fleantúch delsketten waard. Dat wurdt brûkt as lesmateriaal. De bern leine in krâns.
It nije ynformaasjeboerd moat it monumint mear oansjen jaan. Dêrneist is in bankje delset om dêr stilstean te kinnen by de dea fan 7 soldaten.