Syryske Hevien mei bliuwe

16 des 2009 - 15:20

It Syryske famke Hevien mei yn Nederlân bliuwe. De alve-jierrige flechtling hat mei har famylje in asylfergunning krigen. Yn septimber waard foar Hevien aksje fierd, ûnder oare yn Dokkum, dêr't se yn it asylsikerssintrum berne waard. De direkteur fan har skoalle gie fan 't hjerst mei in tuk-tuk alle plakken del dêr't it gesin wenne hie.

Ek fierden Defense for Children en de stifting Kinderpostzegels aksje foar it Syryske famke Hevien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)