Spinningmaraton yn Ljouwert

29 mrt 2012 - 20:49

Yn Ljouwert is tongersdei in spinningmaraton fan 24 oeren fan start gien foar de KWF kankerbestriding. By dy maraton sille sa'n 360 sporters har yn it swit jeie. De organisaasje hopet sa op syn minst 10.0000 euro op te heljen. De spinningmaraton is in inisjatyf fan de hurdfytsers Jochem van Weelie fan Menaam en Cor de Jong fan Burgum.

Sy organisearje de maraton ek as in opmaat op de jierlikse Alpe D'Huzes aksje, dêr't miljoenen by byinoar fytst wurde foar de kankerbestriding.

Foar de spinningmaraton hawwe de inisjatyfnimmers 15 spinning-fytsen op in rychje set. De aksje kin on-line folge wurde fia in streaming webcam. Der dogge ek ferskate bekende sporters oan de maraton mei. Sterke man Wout Zylstra, dy't ferline jier de Alpe d'Huez opfytste, sil freedtemiddei oan it lêste oere fan de maraton meidwaan. De Ljouwerter wethâlder Andries Ekhart sil freedtemiddei bekend meitsje hoefolle jild de sporters byinoar fytst hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)