Lêste soarchjild útkeard

16 des 2009 - 11:41

De provinsje stipet trije soarchprojekten yn Fryslân. Der wurdt 440.000 euro foar útlutsen. It is it lêste jild út it budzjet soarch dat noch útkeard wurdt. Foar 2010 is der gjin jild mear foar reservearre.

Soarchgroep Noorderbreedte krijt goed 27.000 euro foar deminte pasjinten. Fierder is der jild foar in projekt om jongeren te ynteressearjen foar in baan yn de soarch en in projekt foar it regeljen fan in eigen soarchoanbod.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)