Winkelstrjitte Skylge autofrij

De winkelstrjitte Oosterburen yn Midslân op Skylge is tenei it hiele jier autofrij. Dat hat de gemeenteried besletten. Yn de simmer is it ek net tastien om troch de strjitte te fytsen. Winterdeis mei dat wol. Om't it ek yn de winter hieltyd drokker wurdt yn Midslân is der foar keazen om it hiele jier gjin auto's ta te litten.
Winkellju hoopje dat se klanten langer fêsthâlde kinne no't se troch de strjitte rinne moatte.