Muzykpriis foar Piter Wilkens
Piter Wilkens krijt de Bernlefpriis foar Fryske muzyk 2010. Hy krijt de priis foar syn hele oeuvre. De priis wurdt ienris yn de trije jier takend en is bedoeld foar Frysktalige muzyk. De priis bestiet út in bedrach fan 2000 euro en in oantinken.
Deputearre Steaten hat de priis takend om't se fine dat Wilkens ambassadeur is foar Fryslân en de Fryske muzykkultuer.