Epke sportman fan it jier

15 des 2009 - 22:22

Epke Zonderland is tiisdeitejûn útroppen ta sportman fan it jier. Syn kollega-sporters hawwe him útferkeazen. Dat gebeurde op it NOC*NSF Sportgala yn Amsterdam.

Oare gadingmakkers wiene reedrider Sven Kramer en dressuerruter Edward Gal, dy't rydt op it hynder Totilas dat yn Fryslân fokt is. Ta sportploech fan it jier waard de swimploech fan Inge Dekker - dy't earder op It Hearrenfean wenne - útroppen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)