Keramyk digitaal tentoansteld

Stipe foar digitale eksposysjes
Keramykmuseum it Princessehof yn Ljouwert krijt subsydzje om digitale tentoanstellingen te ûntwikkeljen. Mei it museum Muiderslot en it Amsterdams Historisch Museum hat it Princessehof in plan betocht dat tydlike tentoanstellingen op ynternet tagonklik te meitsjen.
Der wurdt dan in fideotour makke, dêr't by tentoanstelde objekten achtergrûnynformaasje op te freegjen is. Sa binne tentoanstellingen dy't al ôfrûn binne, dochs noch te besjen.