Net drinke foar Krystgala

15 des 2009 - 17:18

Learlingen fan it Lauwers College yn Bûtenpost binne net wolkom op it krystgala tongersdei as se fan te foaren alkohol drinke. De skoalle lit alle learlingen by de yngong blaze. As se ek mar in drip hân hawwe, komme se der net yn.

Ek de klúskes fan de learlingen wurde tongersdei kontrolearre. De konsjerzjes sille de middeis foar it feest alle klúskes by del.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)