Brân yn sauna Woudfennen

15 des 2009 - 17:10

Op De Jouwer hat tiisdeitemiddei brân west by sauna de Woudfennen. De brân ûnstie yn de grotsauna, dy't yn in los geboutsje yn de tún stiet. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle.

De brân bruts út wylst der minsken yn de sauna wiene. Foar safier bekend rekke net ien ferwûne. It houtwurk fan de grotsauna rekke troch de brân skansearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)