Krystpakketten fout besoarge

15 des 2009 - 12:40

De krystpakketten foar de 900 Fryske provinsje-amtners binne tiisdeitemoarn net yn Ljouwert, mar yn Den Haach besoarge.

De sjauffeur fan in lyts buske kaam wol oan yn Ljouwert. Hy hie seis pallets mei krystpakketten by him, mar de sjauffeur fan de frachtwein mei dêryn it grutste part fan de 900 krystpakketten ried nei Den Haach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)