Noch gjin nije ponttariven

15 des 2009 - 12:30

In beslút oer nije tariven en nije tiden foar de pont fan Grou nei De Burd is moandeitejûn stykjen bleaun yn de gemeenterie fan Boarnsterhim. De stimmen staakten.

It wie in wichtich beslút, want it nije rezjym moat de gemeente mear jild opsmite. Ien en oar hie te krijen mei de pauzetiden dêr't noch al wat betizing oer ûntstie. In foarstel foar in skoft tusken 15.30 en 16.00 oere middeis soe ta stân kaam wêze op basis fan in wat al te meagere ynspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)