Meallen giet earst troch

15 des 2009 - 12:14

Wetterskip Fryslân giet dizze wike troch mei it meallen. De gemalen wurde pas stillein as it yn it foarútsjoch giet om matige oant strenge froast. Dêr is op dit stuit noch gjin sprake fan. Wol bliuwt it Hooglandgemaal by Starum gewoan trochmeallen.

It wetterskip hat dat gemaal dit wykein yn wurking set om it wetter yn de Fryske boezem op in leger peil te bringen. Dêrtroch wurdt in buffer opboud en kin it meallen by in eventuele froastperioade stillein wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)