'Kop fan jut' stellen

Unbekenden hawwe guod stellen fan de stand fan FNV Bondgenoten op de Lânbou-wurktúchbeurs. Dy beurs wurdt hâlden yn it WTC Expo yn Ljouwert. It fakbûn hat as aardichheidsje in 'kop fan jut' op syn stand te stean, mar no binne de beide hammers en de pin meinaam.
Meiwurkers tinke dat it guod stellen is troch oare standhâlders, omdat se moandei wat klachten krigen oer it leven fan it apparaat. It fakbûn hat oanjefte dien. Dêrneist wurde op it stuit de bylden fan kamera's besjoen.