Bekerduel H'mase Boys ôfsein

15 des 2009 - 10:44

It bekerduel Harkemase Boys tsjin Flevo Boys dat foar tiisdeitejûn op it programma stie, is ôfsein. Troch de froast kin der net spile wurde op it fjild op sportpark De Bosk op 'e Harkema.

De regels skriuwe foar dat as in wedstriid ôfsein wurdt, in bekerduel op de akkommodaasje fan de tsjinstanner plakfine moat. Mar op it fjild fan Flevo Boys yn Emmeloard kin ek net spile wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)