Belestingfoardiel doarpshûs

15 des 2009 - 10:40

Doarpshûs Nij Franjum yn Marsum hoecht oer in erfenis dy't it yn 2005 fan in doarpsbewenner krige dochs gjin 68 prosint belesting te beteljen. De Belestingtsjinst hie it doarpshûs in oanslach stjoerd mei dat persintaazje, mar liet de herfoarme tsjerke dy't ek in diel fan de erfenis krige mar acht prosint belesting betelje.

It doarpshûs gie dêr by de rjochtbank mei sukses tsjin yn berop. It lege taryf mei tapast wurde fanwege in belestingyndieling yn it ferline.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)