Eksklusive felgen stellen
Yn Drachten binne fjouwer ekslusive felgen stellen by in autobedriuw oan de Lange West yn Drachten. De dieven brûkten in krik om de felgen fan in parkearde auto te heljen. Dy krik hiene de dieven út in oare auto helle. Dy auto rûn dêrby skea op.
De plysje ûndersiket de stellerij en docht dêrom in spoare- en in buert-ûndersyk. De skea rint yn de tûzenen euro's.