Ungelok troch tennisracket

15 des 2009 - 09:54

In 53-jierrige frou hat moandei yn Easterwâlde in iensidich ûngelok feroarsake, omdat se besocht om ûnder it autoriden in tennisracket te pakken. Twa passazjiers seinen noch dat se dat better net dwaan koe, mar dat holp net.

De frou ferlear de macht oer it stjoer en rekke in lantearnepeal en in stoeprâne. De auto lei dêrnei op de sydkant. De passazjiers koene der sels útkomme, de brânwacht moast de bestjoerster helpe. Se wie net ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)