Woon Friesland skrast banen

15 des 2009 - 09:43

By wenningkorporaasje Woon Friesland ferdwine de kommende fiif jier op syn minst fjirtich fan de 340 arbeidsplakken. De korporaasje seit dat it de kommende jierren keuzes meitsje moat omdat der minder jild is.

Fan de fjouwer bedriuwsûnderdielen bliuwe der trije oer: wenjen, fêstgoed en bedriuwstsjinsten. Fan de trije managers per regio bliuwt der noch mar ien oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)