Jeen hat syn byldsje werom

Jan Uitham, Reinier Papier en Jeen van den Berg (foto Binne-Louw Katsma)
It byldsje fan Jeen van den Berg is wer te plak. Van den Berg krige it byldsje snein by de premjêre fan de film 'De hel fan '63', mar wie it even letter ek al wer kwyt. Hy miende dat it stellen wie, mar no docht bliken dat Jan Uitham it byldsje by fersin yn 'e bûse stutsen hie. Syn partner hie it byldsje fan Uitham en dus hiene sy twa.
It twadde byldsje hawwe se ôfjûn oan de befeiliging en dy soarget dat Jeen van den Berg syn byldsje weromkrijt.