Kowecatering yn opkomst

Catering foar de ko, sa hjit in nije proef mei kowefretten. Dêrby wurdt it kuljen en it mingen mei krachtfoer dien op ien sintraal plak. De boer ferkeapet gers of mais as grûnstof en keapet it mingde foer werom fan it foersintrum. It konsept is nij foar Nederlân, mar wurdt al wol tapast yn Amearika.
Yn maaie sil it foersintrum de earste kule opslaan. Der binne no in 25 boeren dy't dêroan meidwaan sille. Je opjaan kin op voercentrum.nl.