Beintema: War Child krijt jild

29 mrt 2012 - 19:21

Undernimmer Wim Beintema fan Dokkum is beslist fan doel 10.000 euro oan War Child te beteljen. Hy reagearret dêrmei op de krityk fan de organisaasje dat it jild noch hieltyd net oermakke is. War Child hat yntusken in fersyk om it jild dien by de kurator dy't it fallissemint fan Beintema ôfhannelet. Dat fallissemint waard tiisdei útsprutsen.

Beintema seit it jild, dat ophelle waard mei in konsert, noch net betelle te hawwen omdat er noch neitinkt oer it projekt dêr't er it oan jaan wol. Neffens him wie War Child dêr fan op de hichte.

Beintema tekenet berop oan tsjin it útsprutsen fallissemint en ferwachtet dat de rjochter it oer in wike as trije fan tafel faget. Hy hopet sa gau mooglik dêrnei it jild oer te meitsjen oan War Child.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)