It CIOS wol mear spesjalisten

14 des 2009 - 14:19

Sportoplieding CIOS op It Hearrenfean wol in oare organisaasje om mear spesjalisten foar de klasse te krijen. It CIOS op It Hearrenfean hat 1200 studinten dy't leare om sportlessen te jaan. No moat de dosint foar swimmen, reedriden of turnjen ek oare fakken jaan lykas krêfttraining of didaktyk. It CIOS wol dêrfoar spesjalisten oanwize, dy't it fak oan in gruttere groep studinten jouwe.

It CIOS hat de ambysje om binnen no en fiif jier les te jaan op Olympysk nivo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)