Skou saak-Ooms goed ferrûn

14 des 2009 - 13:55

It is net dúdlik oft de skou dy't moandei yn Haulerwyk hâlden waard nije ynformaasje oer de moard op Marinus Ooms opsmiten hat. Op fersyk fan 'e advokaat fan in fertochte binne details út de ferklearrings fan de trije feroardielden besjoen. Oft dat wat opsmiten hat wurdt pas dúdlik op in sitting, dy't nei alle gedachten yn febrewaris hâlden wurdt.

De moard op Ooms wie trije jier lyn yn Haulerwyk. Ien fan de fertochten gie yn heger berop. Hy frege om de skou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)