Goed begjin Marit Bouwmeester

14 des 2009 - 10:50

Sylster Marit Bouwmeester is it nije seizoen yn Australië goed begûn. Yn de earste twa wedstriden yn de Laser Radial-klasse by de wrâldbeker yn Melbourne waard de ynwenster fan Warten beide kearen tredde. Ek yn de tuskenstân stiet se tredde. De lieding is yn hannen fan de Amerikaanske Paige Railey.

De wedstriden duorje oant en mei sneon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)