ICIT wint priis mei cms

14 des 2009 - 10:49

IT-bedriuw ICIT út Frjentsjer hat in priis wûn foar harren content management systeem (cms) Xtive. It giet om de Emerce 100 fan it tiidskrift mei deselde namme. It is foar it earst dat in bedriuw út Fryslân dizze priis wint.

In cms is it systeem dêr't websites mei beheard wurde. It systeem fan ICIT is fleksibel en wurdt brûkt troch ûnder oare it MCL en it Friesland College. ICIT groeit hurd en hat nijbouplannen yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)