Man bedriget bussjauffeur

14 des 2009 - 09:58

De plysje hat sneintejûn in 61-jierrige man fan Wommels oanhâlden omdat er in froulike bussjauffeur bedrige. De man stapte yn Ljouwert yn de bus en ried mei oant Winsum. Yn de rit soe er de sjauffeur ferskate kearen mei de dea bedrige ha. Neffens de man ried de frou te betiid by in halte wei.

By Winsum hie de sjauffeur har nocht en warskôge se de plysje. Dy hat de man oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)