Famke (14) lestich fallen

14 des 2009 - 09:56

In famke fan 14 jier út Drachten is sneintejûn yn har wenplak lestich fallen troch in ûnbekende man. Se fytste troch de Verdeniusstrjitte doe't de man har beetpakte en fan har fyts luts. It famke begûn dêrop lûd te razen. Op dat stuit kaam der fan de Burmanialeane in oare man oanrinnen. Dy sei tsjin it famke dat se fluch fuortfytse moast. It famke is nei hûs gien en dêr is de plysje belle.

De plysje is op syk nei de man dy't seach dat it famke lestich fallen waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)