'Van Buren' op de reade loper

13 des 2009 - 16:12

Prins Willem-Alexander waard snein by de premjêre fan 'e film 'De hel fan '63' troch parse en publyk mei 'Van Buren' oansprutsen. Under de namme W.A. van Buren ried er yn 1986 sels de Alvestêdetocht.

De prins sei dat er it spitich fûn dat er der yn 1963 net by wie. Hy wie bliid wer yn Fryslân te wêzen en tinkt oan syn eigen tocht werom as ien grut feest. Op 'e premjêre yn it WTC Expo wie in eventuele nije Alvestêdetocht it petear fan 'e dei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)