Fryske rykswegen binne struid

13 des 2009 - 14:28

Rykswettersteat hat sneontenacht foar it earst dit seizoen struid op de Fryske diken. It gie om in previntive aksje omdat de temperatuer om it friespunt hinne siet. Neffens in wurdfierder fan Rykswettersteat waard it laachje sâlt struid om foar te kommen dat wiete stikken oanfrieze.

Sneintenacht bliuwt it nei alle gedachten droech. Dêrom wurdt net wer struid. It laachje sâlt dat der noch leit is genôch om glêdens foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)