Arrestaasjes nei fuotbalmatch
By de fuotbalwedstriid SC Hearrenfean -Feyenoord op It Hearrenfean binne sneon tsien persoanen oppakt. Fjouwer fan harren waarden oanhâlden foar it yn besit hawwen fan drugs en fjouwer oaren foar it feroarsaakjen fan oerlêst yn it Abe Lenstrastadion.
Twa oare supporters moasten mei de plysje nei it buro fanwege iepenbiere dronkenskip, mislediging en mishanneling.