Kontrôle op alkohol yn ferkear

Trije Fryske bestjoerders binne sneontenacht it rydbewiis kwytrekke foar riden mei fierste folle drank op. Fiif oare bestjoerders waarden troch de plysje trapearre mei tefolle drank op, mar noch net safolle dat se it rydbewiis ynleverje moasten.
De plysje kontrolearre seishûndert autoriders op ferskate plakken yn de gemeenten Tytsjerksteradiel en Boarnsterhim. Dêrby waarden 28 plysjes en seis meiwurkers fan Feilich Ferkear Nederlân ynset.