Laptops en bankpassen stellen

13 des 2009 - 12:55

Op trije plakken yn Fryslân hawwe ynbrekkers sneon taslein. Yn 'e Keningin Wilhelminastrjitte yn Harns is in laptap stellen. Sa'n selde soart kompjûter mist ek in hûsbewenner yn 'e Weistrjitte yn Ljouwert nei in ynbraak. Fierders binne út in hûs oan 'e Tjallinga yn Grou bankpassen stellen. Dat wie sneon tusken healwei trijen en kertiet foar njoggenen.

Yn alle trije gefallen waard in doar fernield om deryn te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)