Tsjerken liede klimaatklokken

De klokken fan hast njogentich tsjerken yn Fryslân sille snein om 15.00 oere liede foar it klimaat. De Fryske tsjerken dogge mei oan in aksje fan tsjerken op de hiele wrâld.
De earste klokken liede op de Fiji-eilânnen. De lêste yn Kopenhagen, dêr't op dit stuit de ynternasjonale klimaatkonferinsje plakfynt. De tsjerken roppe de politisy op om harren ferantwurdelikheid te nimmen foar in better klimaat.