Van Lunzen wint Adventurerun

Van Lunzen (hjir by de maraton fan Ljouwert)
Hurdrinner Remon van Lunzen út Ljouwert hat sneon op It Amelân de Adventurerun wûn. Van Lunzen rûn de 21,1 kilometer yn in tiid fan 1.13,37. By de froulju wûn Mariska Kramer.
De atlete út Drachten die dat yn in nij parkoersrekôr fan 1.19,16. It wie dit jier in swiere heale maraton op It Amelân. Benammen op it wiete strân hiene de atleten it dreech.