Reuny Swiet & Bjuster

12 des 2009 - 15:57

Mei nûmers as 'In jûn yn Grins' en de 'Fordson Dexta Blues' waard de Fryske band Swiet & Bjuster bekend. Tusken 1992 en 1998 diene se hûnderten optredens en makken se fjouwer cd's.

De aardichheid rekke der nei ferrin fan tiid ôf en elk gie syn eigen muzikale wei. Mei-ynspirearre troch de comeback fan oare bands út de Fryske Wâlden as De Kast en Strawelte komt der yn jannewaris in reuny yn it tsjerkje fan Sibrandahûs. De kaarten wiene yn in pear dagen al útferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)