Nije auto brânwacht Sleat

12 des 2009 - 14:54

De brânwacht yn Sleat giet fan sneon ôf op paad mei in nije auto. De besteande auto wie fyftjin jier âld en moast ferfongen wurde. De nije brânwachtauto is relatyf lyts, mar hat dochs in soad fermogen.

Ek by oare branwachtkazernes yn Súdwest-Fryslân wurde al sokke auto's brûkt. De auto kostet 165.000 euro. De brânwacht fan Sleat hat 14 frijwilligers. Yn de auto is plak foar acht minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)