Ynbraak op It Hearrenfean

12 des 2009 - 14:32

Ut in wenning oan de Presidint Kennedyleane op It Hearrenfean binne freed in digitale kamera en in pear hûndert euro stellen. De doar fan de wenning waard tusken tsien oere moarns en njoggen oere jûns iepenbrutsen.

De 52-jierrige bewenner hat oanjefte dien fan de stellerij. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)