Jonges oppakt foar fernielings

12 des 2009 - 14:27

De plysje hat in groep fan sân jonges út de gemeente Skarsterlân oanholden foar fernielings. De jonges, fan tusken de 14 en 16 jier, lieten al fytsend in spoar fan fernielings efter yn Ychtenbrêge en Dolsterhuzen.

Se lutsen ûnder oare brievebussen út de grûn, trapen autospegels stikken en fernielden krystbeammen. Mei oanwizings fan tsjûgen koe de plysje de jonges yn Dolsterhuzen op de Marwei oanhâlde en meinimme nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)